WAT

Regelmjittich sjogge wy kritysk nei de ynhâld fan ús ûnderwiis: is dit wat learlingen nedich hawwe? Dat dogge wy op ferskate nivo’s:…

WA

It ûntwikkeltiim Frysk bestiet út leararen pû, leararen fû, skoallieders pû en in skoallieder fû. It ûntwikkeltiim wurket gear mei taalspesjalisten fan bûten de skoalle. Yn Fryslân hat de ôfrûne jierren yn ferskate…

HOE

It ûntwikkeltiim komt fjouwer kear byinoar yn ûntwikkelsesjes fan trije opienfolgjende dagen. Nei elke sesje komme de útkomsten as konsept beskikber op dizze webside. Elkenien kin dêrop reagearje. De reaksjes…

Aginda

21 novimber 2018


Gearkomste oer de kearn fan it fak Frysk op skoalle

14.00 – 16.30 oere

Provinsjehûs Ljouwert

30, 31 jannewaris en 1 febrewaris 2019

Tredde ûntwikkelsesje fan it ûntwikkeltiim Frysk, oer kennis en feardichheden

13, 14, 15 maart 2019


Fjirde ûntwikkelsesje fan it ûntwikkeltiim Frysk

Fuortgong

Buro Kurrikulum.frl praat mei safolle mooglik minsken dy’t op de ien of oare wize belutsen binne by it Frysk op skoalle. Dy petearen binne oan de iene kant om ynformaasje te jaan oer de bedoeling en wurkwize fan it projekt. Oan de oare kant binne se ornearre om te hearren hoe’t der tocht wurdt oer it aktualisearjen fan de kearndoelen en eintermen Frysk. Hokker ferwachtingen binne der fan sa’n wersjenning? Hokker ideeën binne deroer? Hoe kinne wy gearwurkje? De ûnderfining oant no ta is dat de petearen weardefolle ynformaasje en ynspiraasje opleverje foar it ferfolch fan it projekt.

Sûnt 1 april is it projekt kurrikulum.frl yn opdracht fan de Provinsje Fryslân stillein, omdat de begrutting foar de fuortsetting fan it projekt troch de provinsje toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing.

Menu