Fuortgong

Buro Kurrikulum.frl praat mei safolle mooglik minsken dy’t op de ien of oare manier belutsen binne by it Frysk op skoalle. Dy petearen binne oan ’e iene kant om te ynformearjen oer de bedoeling en wurkwize fan it projekt. Oan ’e oare kant binne se ornearre om te hearren hoe’t der tocht wurdt oer it aktualisearjen fan de kearndoelen en eintermen Frysk. Watfoar ferwachtingen binne der fan sa’n wersjenning? Hokker ideeën binne deroer? Hoe kinne wy gearwurkje? De ûnderfining oant no ta is dat de petearen weardefolle ynformaasje en ynspiraasje opleverje foar it ferfolch fan it projekt.

Tarieding

Der binne brieven ferstjoerd nei alle skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis yn Fryslân. It brief befette eftergrûnynformaasje en in oprop oan leararen en skoallieders om harren oan te melden foar it ûntwikkeltiim Frysk. Underwyls is it gearstallen fan it ûntwikkeltiim Frysk klear. Ek binne de data foar de ûntwikkelsesjes ynpland.

De ôftraap fan Kurrikulum.frl fûn plak op 29 juny by de Startmiddei fan it ûntwikkeltiim Frysk. Nienke Jet de Vries fan de Provinsje Fryslân joech it offisjele startsein. De middei stie fierder yn it teken fan it yn ’e kunde kommen mei-inoar. De wurkwize is bepraat en elkenien hat de Startnotysje en de Wurkopdracht krige.

As input foar de earste ûntwikkelsesje hat op 4 july yn it Provinsjehûs in wurkgearkomste oer fyzje west mei in groep fan 40 minsken dy’t út ferskate perspektiven wei belutsen binne by it Frysk op skoalle; fan foarskoalske faze oant en mei heger ûnderwiis, fan oplieders, útjouwers, fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy’t harren ynsette foar it Frysk, in programmamakker fan Omrop Fryslân, ûndersikers, ûntwikkelders, beliedsmakkers oant ûnderwiisadviseurs.

Op dizze webside sille ek de konseptteksten fan it ûntwikkeltiim publisearre wurde. Elke ûntwikkelsesje sil in konsepttekst oer it tema fan de sesje opleverje. Elkenien kin in reaksje op de konsepttekst jaan, oan ’e hân fan fragen dy’t troch it ûntwikkeltiim opsteld wurde. Alle reaksjes sille ek op dizze side publisearre wurde.

Ek de befiningen fan de skoallen nei oanlieding fan in fraach of fersyk fan it ûntwikkeltiim sille op dizze webside te lêzen wêze.

Sûnt 1 april is it projekt kurrikulum.frl yn opdracht fan de Provinsje Fryslân stillein, omdat de begrutting foar de fuortsetting fan it projekt troch de provinsje toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing.

Menu