
Wolkom by Kurrikulum.frl
Op dizze webside fine jo ynformaasje oer de realisaasje- en testfase fan Kurrikulum.frl, wa meewerken en hoe jo ek kinne meitinke yn it actualisatieproces. Yn it argyf fine jo de ynformaasje oer de earste ontwikkelfase en de byhearrende dokuminten.
Wolkom by Kurrikulum.frl
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân fernije wy it kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer. De basis foar dit nije kurrikulum is klear: de fyzje op it leargebiet en de beskriuwing fan de kearn yn de foarm fan grutte opdrachten en boustiennen. Wy binne ûnderwilens úteinset mei de neikommende faze: it ûntwikkeljen fan konseptkearndoelen, it testen fan dy doelen en it tarieden fan de ymplemintaasje fan it nije kurrikulum.
in team besteande út learkrêften, fakynhâldlike saakkundigen en kurrikulumeksperts wurkje oan it opstellen fan konseptkearndoelen.
Fia dizze webside bliuwst op de hichte.
Wêrom in nij kurrikulum?
Wa ‘t opgroeit yn `e wrâld fan no, hat ûnderwiis nedich dat oanslút by de wrâld fan moarn. Dat freget om in aktueel kurrikulum. Dêrom wurdt it kurrikulum út en troch wersjoen. Op dit stuit wurdt der foar alle fakken wurke oan de aktuallisaasje fan de kearndoelen, dus ek foar Fryske taal en kultuer.
Proses en planning
Parallel oan it lanlike trajekt ‘Curriculum.nu’ binne wy yn 2018 begûn mei de wersjenning fan it kurrikulum Fryske taal en kultuer. Yn 2022 hat de aktualisaasje fan de kearndoelen lanlik in ferfolch krigen. Wy hawwe doe ek de wersjenning fan it kurrikulum foar Fryske taal en kultuer wer oppakt. Je lêze hjir mear oer dit proses en de planning.
Berjochten
- ynformaasje
Oanbiedmomint konseptkearndoelen
- Proces
Utprobearje by dy op skoalle!
- ynformaasje