Proses en planning

Yn de opdracht fan de provinsje Fryslân stiet dat de kwaliteit en formulearring fan de kearndoelen foar it leargebiet Fryske taal en kultuer ferlykber wêze moatte mei dy fan oare fakgebieten yn it lanlike kurrikulum. Dêrom wurkje wy foar kurrikulum.fr l yntinsyf gear mei learplanûntwikkelers fan Stichting Leerplan Ontwikkeling (SLO ). En meitsje wy gebrûk fan de kennis en ekspertize fan in fjildgroep besteande út learkrêften fan basisskoallen en dosinten út it fuortset ûnderwiis.

Untwikkeling konseptkearndoelen

Yn gearwurking mei de fjildgroep wurkje wy yn wurksesjes oan konseptkearndoelen. By dizze wurksesjes freegje wy eksperts om input te leverjen op spesifike ûnderwerpen. Yn dizze faze organisearje wy ek feedbacksesjes dêr ‘t eksperts en fertsjintwurdigers út it hiele ûnderwiisfjild feedback yn jaan kinne.

Testfaze

Leerkrachten en dosinten út de fjildgroep sille de konseptkearndoelen yn harren praktyk teste op brûkberens. Yn dizze faze ûndersykje wy hokker learmaterialen en boarnen brûkt wurde kinne om de nije kearndoelen te ymplemintearjen yn de praktyk. Wy wurkje dêrfoar gear mei Afûk en it Lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden. Yn wurksesjes beprate wy de ûnderfinings en wat dizze betsjutte foar de konseptkearndoelen en de ymplemintaasje fan it nije kurrikulum.

Tariede ymplemintaasje

By it tarieden fan de ymplemintaasje sille wy mei de leararen út de fjildgroep, oanfolle mei direkteuren en taalkoördinatoare, beskriuwe wat nedich is om it nije kurrikulum foar Fryske taal en kultuer yn de ûnderwiispraktyk te ymplemintearjen.