Wichtige fragen foar it kurrikulum Frysk op skoalle binne ûnder oare:

  • Hoe hâlde wy romte foar skoallen om sels it programma te bepalen, oanslutend op harren fyzje, learlingen en omjouwing?
  • Hoe kinne wy dúdlikheid kreëarje: wat moatte alle learlingen leare en hoefolle romte is der noch foar eigen ynfolling?
  • Hoe hâlde wy rekken mei ferskillen yn taaleftergrûn fan learlingen?
  • Hoe dogge wy rjocht oan bygelyks Europeeske ferdraggen dy’t der binne om de posysje fan it Frysk te beskermjen?

It doel fan de wersjenning is:

  • Romte jaan oan de trije doelen/funksjes fan ûnderwiis: persoansfoarming, kwalifikaasje en sosjalisaasje.
  • Befoarderje fan de gearhing yn de ûnderwiisynhâld: tusken fakken en binnen fakken.
  • Soargje foar trochrinnende learlinen (en soepele oergongen) yn it Fryske taal- en kultuerûnderwiis.
  • Oerladenens yn it ûnderwiisprogramma tebekkringe.

Wa

Untwikkeltiim Frysk:

It ûntwikkeltiim Frysk bestiet út leararen pû, leararen fû, skoallieders pû en in skoallieder fû. It ûntwikkeltiim wurket gear mei taalspesjalisten fan bûten de skoalle. Yn Fryslân hat de ôfrûne jierren yn ferskate taalûnderwiisprojekten in fruchtbere gearwurking west tusken leararen, taalkoördinatoaren en ûndersikers, ûntwikkelders, oplieders en ûnderwiisadviseurs. De wurkwize fan Kurrikulum.frl bout hjirop fierder. Ofhinklik fan it sintrale tema fan in ûntwikkelsesje sille der alle kearen ferskillende eksterne taalspesjalisten by it ûntwikkeltiim belutsen wurde. Ek besteande netwurken, sa as de netwurken foar de Trijetalige Skoalle en de netwurken foar taalkoördinatoaren, wurde derby belutsen.

Bertus Dorhout

fuortset ûnderwiis

Klarinske de Roos

primêr ûnderwiis

Janke Singelsma

primêr ûnderwiis

Jikkie Ruiter-Postma

primêr ûnderwiis

Marrit Dijkstra

primêr ûnderwiis

Joke Scheffer

primêr ûnderwiis

Gerrit Hoekstra

fuortset ûnderwiis

Tjeerd Kooistra

fuortset ûnderwiis

Gerbrich de Jong

fuortset ûnderwiis

Foto’s: Ton Groot Haar

Skoallen

Ferskate skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis reagearje nei elke sesje op fragen en fersiken fan it ûntwikkeltiim. Binne de ideeën helber yn de skoalle? It kin bygelyks gean om in fraach om yn it tiim te besprekken, om in fersyk om wat út te probearjen of om wat te ûntwikkeljen. Dêrneist wurde de ûnderfiningen dy’t de ûntwikkelskoallen opdogge mei de oanpassingen yn it eigen learplan fan de skoalle brûkt by de wersjenning.
Om net in te grut berop op de skoallen yn Fryslân te dwaan, slute wy foar Kurrikulum.frl oan by projekten dy’t al geande binne op skoallen. Der sille dus gjin aparte ûntwikkelskoallen komme, sa as yn de lanlike oanpak. Wy meitsje gebrûk fan de tema’s en kwestjes dy’t op ferskate skoallen al op ’e aginda steane.

Besjoch de dielnimmende skoallen

Buro Kurrikulum.frl

Buro Kurrikulum.frl soarget foar de tarieding en útfiering fan de ûntwikkelsesjes. Ek organisearret it buro de feedbackomgongen nei elke ûntwikkelsesje en hâldt it kontakt mei de skoallen dy’t belutsen binne by fragen en fersiken fan it ûntwikkeltiim. Dêrneist soarget Buro Kurrikulum.frl foar aktuele ynformaasje op dizze webside. It buro ûnderhâldt kontakt mei fertsjintwurdigers fan Curriculum.nu en fan SLO, yn ferbân mei gearhing en ôfstimming mei de lanlike wersjenning fan de kearndoelen.

Buro Kurrikulum.frl bestiet út :

  • Rikky Dekkers (fuortset ûnderwiis)
  • Ate Grijpstra (fuortset ûnderwiis)
  • Klaske Jellema (primêr ûnderwiis)
  • Jetty de Jong (primêr ûnderwiis)
  • Anita Oosterloo (primêr ûnderwiis)

Rikky Dekkers en Klaske Jellema liede mei-inoar de ûntwikkelsesjes. As lid fan it ûntwikkeltiim Nederlânsk is Jetty de Jong in ferbinende skeakel tusken beide ûntwikkeltiims. Ate Grijpstra en Anita Oosterloo soargje derfoar dat fan alle gearkomsten teksten beskikber komme op dizze webside. Fierders koördinearje sy de deistige gong fan saken en hawwe sy petearen mei belutsenen by it Frysk op skoalle. Alle leden fan Buro Kurrikulum.frl ûnderhâlde kontakten mei ferskate skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis, ôfhinklik fan de fragen en fersiken dy’t út it ûntwikkeltiim komme. Anita Oosterloo is projektlieder.

Hoe

It ûntwikkeltiim komt fjouwer kear byinoar yn ûntwikkelsesjes fan trije opienfolgjende dagen. Nei elke sesje komme de útkomsten as konsept beskikber op dizze webside. Elkenien kin dêrop reagearje. De reaksjes wurde ferwurke yn de earstfolgjende ûntwikkelsesje.

Nei elke ûntwikkelsesje sille fragen of fersiken út it ûntwikkeltiim oan skoallen foarlein wurde. Dy fragen of fersiken hawwe te krijen mei kwestjes dêr’t de skoalle op dat stuit al mei dwaande is. Der sil oansletten wurde by rinnende projekten.

Per sesje komme dizze tema’s oan bod:

  • Sesje 1: fyzje
  • Sesje 2: de kearn fan it fak Frysk
  • Sesje 3: kennis fan en feardichheden yn it Frysk
  • Sesje 4: oanskerpje kennis en feardichheden en gearhing mei oare fak-/leargebieten

2019

Yn ’e rin fan 2019 wurde de opbringsten foarlein oan de Provinsje Fryslân en oan de Twadde Keamer foar fierdere beslútfoarming en om in ferfolchproses te bepalen. Dizze opbringsten foarmje de boustiennen foar it oanpassen fan de kearndoelen en eintermen.

Sûnt 1 april is it projekt kurrikulum.frl yn opdracht fan de Provinsje Fryslân stillein, omdat de begrutting foar de fuortsetting fan it projekt troch de provinsje toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing.

Menu