Us taal en kultuer foar elkenien

Kerndoelen Fryske taal & kultuer
Op dizze webside fynst alle ynformaasje oer de aktualisearre kearndoelen Fryske taal en kultuer. Hjirmei krijt it Frysk in betsjuttingsfol plak yn it ûnderwiis. De klam leit net allinnich op it learen fan de taal, mar ek op it belibjen fan de Fryske kultuer en identiteit. Learlingen ûntdekke wat it Frysk foar harsels betsjut en hoe't taal en kultuer
bydrage oan ferbining mei harren omjouwing. Sa stipet it ûnderwiis bern by harren ûntwikkeling yn de twatalige provinsje Fryslân.
bydrage oan ferbining mei harren omjouwing. Sa stipet it ûnderwiis bern by harren ûntwikkeling yn de twatalige provinsje Fryslân.

Wat karakterisearret it nije kurrikulum?
It belang fan it Frysk yn it ûnderwiis is fansels net nij. Al mear as fjirtich jier wurdt fan skoallen yn Fryslân ferwachte dat se omtinken jouwe oan de Fryske taal. De âlde kearndoelen út 2006 hawwe jierrenlang in goede basis west, mar de wrâld feroaret en it ûnderwiis feroaret mei. Nije ynsjoggen, ûntwikkelingen yn de maatskippij en
feroarings yn it ûnderwiis freegje om eigentiidske kearndoelen.
feroarings yn it ûnderwiis freegje om eigentiidske kearndoelen.
De kearndoelen
De kearndoelen Fryske taal en kultuer binne in wetlike opdracht foar alle skoallen yn it Fryske taalgebiet. Foar it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis binne aparte searjes kearndoelen ûntwikkele. Dizze doelen binne ûnderbrocht yn fiif gearhingjende domeinen: Ryk learfermidden, Taal leare & brûke, Taalbewustwêzen, Taalekspresje en Kultuerbewustwêzen. Mei-inoar foarmje dizze domeinen de basis foar eigentiids en betsjuttingsfol ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer.
Dokuminten
Hjir fynst alle materialen en dokuminten dy't beskikber binne oer it fernijde kurrikulum. Alle skoallen yn Fryslân krije dit ek yn de foarm fan in startpakket om der op skoalle mei oan 'e slach te gean.

Kontakt
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân hat Cedin, yn nauwe gearwurking mei minsken út it fjild en mei SLO, oan dizze fernijing wurke. De kommende jierren wurde de nije kearndoelen ynfierd. Skoallen steane dêr net allinne foar: de provinsje en ferskate
taal- en ûnderwiisorganisaasjes biede stipe.
Hast fragen of sikest stipe by it ymplementearjen fan de Fryske kearndoelen taal en kultuer? Folje ûndersteand formulier yn of mail nei kurrikulum@cedin.nl.