Wy sykje learkrêften en dosinten dy ‘t de konseptkearndoelen útprobearje wolle yn harren ûnderwiispraktyk. Doch mei! Meld dy oan.
Wat silst dwaan?
- Mei kollega’s fan oare skoallen lessen tariede by de konseptkearndoelen;
- Lessen en lesmateriaal útprobearje;
- Mooglikheden foar ferbining tusken Frysk en oare fakken ûndersykje;
- Dyn ûnderfiningen en reaksjes fan learlingen fêstlizze;
- Underfiningen en oandachtspunten foar it kurrikulum beprate;
- Oer de ymplemintaasje fan it kurrikulum meitinke.
Hoe?
Wy organisearje tsien mienskiplike gearkomsten. Yn dizze gearkomsten krijst lessuggestjes, riedst de lessen ta en bringst ynformaasje yn oer dyn ûnderfiningen mei de konseptkearndoelen. Yn de lêste twa gearkomsten tinkst mei oer wat nedich is om de dit nije kurrikulum te ymplemintearjen. Yn ‘e tiid tusken de gearkomsten joust lessen en sammelst dyn feedback.
Wannear
Ynhâld |
Datum |
|
Gearkomste 1 |
Yn ’e kunde komme Utlis oer konseptkearndoelen Tariede earste lessen |
28 Septimber 2023 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 2 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
16 Novimber 2023 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 3 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
18 Jannewaris 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 4 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
7 Maart 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 5 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
18 April 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 6 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
13 Juny 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 7 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
26 Septimber 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 8 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen Tariede nije lessen |
14 Novimber 2024 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 9 |
Beprate ûnderfinings mei de lessen, konklúzjes Beprate wat nêdich is foar de ymplemintaasje fan it nije kurrikulum |
23 Jannewaris 2025 16.00-20.00 oere |
Gearkomste 10 |
Foarstellen foar ymplemintaasje beprate en oanfolje |
6 Maart 2025 16.00-20.00 oere |
Wat krigest?
- In soad ynspiraasje;
- De kâns om mei te tinken oer it nije kurrikulum;
- In finansjele fergoeding. It tarieden en bywenjen fan’e gearkomsten wurdt betelle, do krigest hjirfoar in oanstelling by Cedin.
Wa sykje wy?
- Twa learkrêften dy’t wurkje yn groep 1 o/m 4;
- Ien learkrêft dy’t wurket yn groep 5 o/m 8;
- Twa dosinten Frysk dy’t wurkje yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Oanmelde of mear ynformaasje? Nim dan contact op.
