Utprobearje by dy op skoalle!

Wy sykje learkrêften en dosinten dy ‘t de konseptkearndoelen útprobearje wolle yn harren ûnderwiispraktyk. Doch mei! Meld dy oan.

Wat silst dwaan?

  • Mei kollega’s fan oare skoallen lessen tariede by de konseptkearndoelen;
  • Lessen en lesmateriaal útprobearje;
  • Mooglikheden foar ferbining tusken Frysk en oare fakken ûndersykje;
  • Dyn ûnderfiningen en reaksjes fan learlingen fêstlizze;
  • Underfiningen en oandachtspunten foar it kurrikulum beprate;
  • Oer de ymplemintaasje fan it kurrikulum meitinke.


Hoe?

Wy organisearje tsien mienskiplike gearkomsten. Yn dizze gearkomsten krijst lessuggestjes, riedst de lessen ta en bringst ynformaasje yn oer dyn ûnderfiningen mei de konseptkearndoelen. Yn de lêste twa gearkomsten tinkst mei oer wat nedich is om de dit nije kurrikulum te ymplemintearjen. Yn ‘e tiid tusken de gearkomsten joust lessen en sammelst dyn feedback.

Wannear

Ynhâld

Datum

Gearkomste 1

Yn ’e kunde komme

Utlis oer konseptkearndoelen

Tariede earste lessen

28 Septimber 2023

16.00-20.00 oere

Gearkomste 2

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

16 Novimber 2023

16.00-20.00 oere

Gearkomste 3

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

18 Jannewaris 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 4

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

7 Maart 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 5

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

18 April 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 6

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

13 Juny 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 7

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

26 Septimber 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 8

Beprate ûnderfinings mei de lessen

Tariede nije lessen

14 Novimber 2024

16.00-20.00 oere

Gearkomste 9

Beprate ûnderfinings mei de lessen, konklúzjes

Beprate wat nêdich is foar de ymplemintaasje fan it nije kurrikulum

23 Jannewaris 2025

16.00-20.00 oere

Gearkomste 10

Foarstellen foar ymplemintaasje beprate en oanfolje

6 Maart 2025

16.00-20.00 oere

Wat krigest?

  • In soad ynspiraasje;
  • De kâns om mei te tinken oer it nije kurrikulum;
  • In finansjele fergoeding. It tarieden en bywenjen fan’e gearkomsten wurdt betelle, do krigest hjirfoar in oanstelling by Cedin.


Wa sykje wy?

  • Twa learkrêften dy’t wurkje yn groep 1 o/m 4;
  • Ien learkrêft dy’t wurket yn groep 5 o/m 8;
  • Twa dosinten Frysk dy’t wurkje yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Oanmelde of mear ynformaasje? Nim dan contact op.

Meedenken over dit onderwerp? Meld je aan!