Home » ynformaasje
Wêrom in nij kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer?
Wa ‘t opgroeit yn `e wrâld fan no, hat ûnderwiis nedich dat oanslút by de wrâld fan moarn. Dat freget om in aktueel kurrikulum. Dêrom wurdt it kurrikulum fan tiid ta tiid wersjoen. Op dit stuit wurdt foar alle fakken wurke oan it feroarjen fan de kearndoelen, dus ek foar Fryske taal en kultuer.
Sjoch foar mear ynformaasje hjiroer ûndersteand filmke.

In aktueel kurrikulum soarget foar in goede trochstreaming fan de basisskoalle nei it ferfolchûnderwiis en biedt gearhing tusken fakken. Ek draacht in goed kurrikulum by oan in minder fol lesprogramma.
- Doelen wiziging kurrikulum
- Romte jaan oan de trije doelen / funksjes fan ûnderwiis: persoansfoarming, kwalifikaasje en sosjalisaasje (Biesta).
- Befoarderjen fan gearhing yn de ûnderwiisynhâld: tusken fakken en binnen fakken.
- Soargje foar trochrinnende learlinen (en soepele oergongen) yn it Fryske taal – en kultuerûnderwiis.
- Oerladenens yn it ûnderwiisprogramma werombringe.
Fragen dy ’t fan belang binne by de ûntwikkeling fan it kurrikulum Frysk binne ûnder oare:
- Hoe hâlde wy romte foar skoallen om sels it programma te bepalen, oanslutend op harren fisy, learlingen en omjouwing?
- Hoe kinne wy dúdlikheid kreëarje: wat moatte alle learlingen leare en hoefolle romte is der oer foar eigen ynfolling?
- Hoe hâlde wy rekken mei ferskillen yn taaleftergrûn fan learlingen?
- Hoe dogge wy rjocht oan bygelyks Europeeske ferdraggen dy ’t der binne om de posysje fan it Frysk te beskermjen?